Dokkum moat tulpestêd wurde

22 des 2011 - 15:46

Dokkum moat in tulpestêd wurde. Tongersdeitemiddei waard begûn mei it beplantsjen fan de Bolwurken. Op de Bolwurken komme 72.000 tulpen fan 25 ferskate soarten te stean en dat moat de binnenstêd fan Dokkum takom jier opfleurje en ek Dokkum better op 'e kaart sette as Bonifatiusstêd en toeristyske bestimming. Wethâlder Pytsje de Graaf fan Dongeradiel en berneboargemaster Nynke krigen tongersdei de earste bollen oerlange.

De bollen wurde pleatst troch de ôfdieling grien van de sosjale wurkpleats Oostergo/Trion. Der wurde ek in tal ôfbyldings makke, wêrûnder it wapen fan Dokkum en Bonifatius.

It beplantsjen fan de bolwurken is in idee fan Pieter Braaksma en wurdt mooglik makke troch it bedriuw ASN Installaties.

Trefwurden: 
Dokkum tulpestêd tulpen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)