Poppe mishannele yn Sint Anne

Plysje-embleem © ANP
In 51-jierige ynwenner fan Sint Anne is moandeitejûn oanhâlden troch de plysje om't hy mooglik syn eigen poppe mishannele hawwe soe. De man hie al de hiele dei rûzje mei syn freondinne. Dat rûn op in bepaald stuit sa bot út de hân dat hy de poppe sa stevich beetpakte dat it berntsje net genôch lucht mear krige.
Oare bern út it gesin hawwe doe de plysje belle. De man is oanhâlden. De plysje docht no neier ûndersyk.