Friezen oankaam yn Amsterdam

30 apr 2013 - 06:24

De bus mei 50 Friezen en in hantsjefol officials is oankaam yn Amsterdam foar de ynhuldiging fan de nije kening. De 50 binne selektearre troch de Fryske boargemasters en kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma om yn de Nieuwe Kerk oanwêzich te wêzen. De dei begong foar harren al hiel betiid yn Snits dêr't se foar in moarnsbrochje byelkoar kamen.

De ynhuldiging yn de Nieuwe Kerk begjint tiisdeitemiddei om twa oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)