Romme winst Jong Hearrenfean

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Jong Hearrenfean har de útwedstriid tsjin Jong NAC Breda mei 6-1 wûn. De ploech fan trainer Jan de Jonge, fjirtjin dagen lyn al kampioen fan de beloftekompetysje, kaam dreech op gong tsjin de nûmer foarlêst. Allinne Luciano Slagveer liet it net trilje. Nei it skoft wie der gjin hâlden mear oan foar de thúsploech. Twa kear Slagveer, Hakim Ziyech en Gianni Zuiverloon setten de Feansters op 5-0. Nei de tsjintreffer, makke A-junior Toni de sechsde en lêste. Jong Hearrenfean komt noch trije kear yn aksje. De ploech stiet 11 punten foar op Jong Ajax.
De Amsterdammers, ferline wike mei 2-0 de sterkste yn it Abe Lenstra stadion, moatte noch twa wedstriden spylje.