'Typearjende taspraak Beatrix'

Typearjend foar keninginne Beatrix: beskôgjend, wat ôfstanlik en mei in soad each foar it steatsrjocht - sa seach Oranjekenner Bearn Bilker nei de ôfskiedstaspraak fan de keninginne. Bilker fûn it in hiel moaie taspraak mei bysûndere persoanlike noaten. Sa brocht se har man yn herinnering mei de wurden dat de kar foar him nei alle gedachten har bêste beslút ea west hat.
Ek ûnderstreke Beatrix it belang fan ynternasjonale gearwurking, in ûnderwerp dêr't se tige oan hechtet. De rol fan de kening moat ferbinend wêze, sa sei keninginne Beatrix.
Mear as fiif miljoen minsken seagen moandeitejûn nei de ôfskiedstaspraak fan keninginne Beatrix.