Máxima it populêrst

29 apr 2013 - 17:00
  • Harkje nei de reportaazje

Prinses Máxima is it populêrste lid fan it keningshûs yn Fryslân. Dat docht bliken út in enkête fan Een Vandaag ûnder hast 900 Friezen. Nei Máxima komme keninginne Beatrix en prins Willem-Alexander op de plakken twa en trije. Hast alle oare provinsjes hawwe deselde folchoarder.

Fan alle Friezen hat 79% in soad betrouwen yn Willem-Alexander as nije kening. It betrouwen yn Máxima as nije keninginne is sels noch wat grutter: 83. De mearderheid fan de Friezen tinkt fierder dat de monargy oer fyftich jier noch bestiet, 22% wol in republyk.

(advertinsje)