ME yn kolonne nei Amsterdam
De Fryske plysje is moandei mei ûnder oare ME-buskes ôfset nei Amsterdam foar de ynhuldiging fan kening Willem-Alexander. De buskes giene yn kolonne de Ofslútdyk oer.
De ekstra ynset fan de Fryske plysje is nedich fanwege de ferwachte grutte drokte.