Asbest fûn op It Hearrenfean

Wenningboustichting Accolade hat in bouterrein op It Hearrenfean ôfset fanwege de fynst fan asbesthâldend materiaal. It terrein leit tusken de Roazestrjitte en de Anjelierstrjitte. Omwenners binne ynformearre en it asbest dat te sjen wie is fuorthelle troch in sertifisearre bedriuw.
It fertochte materiaal waard ferline wike tongersdei al fûn. Accolade is fernuvere, omdat der krekt in skjinne grûnferklearring ôfjûn is. Neffens de korporaasje hat der gjin gefaar foar de folkssûnens west. Wêr't it asbest weikomt, wurdt noch útsocht.