Mem mei bern yn sleat
In automobiliste út Hengelo en har beide dochters binne moandeitemoarn licht ferwûne rekke by in iensidige oanriding by Blije. Op de dyk fan Ljouwert nei Holwert rekke de 38-jierrige frou mei de auto yn de berm. Dêrnei bedarre se mei de auto yn de feart.
Mem en de bern binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.