Tarieding Westra yn Spanje

29 apr 2013 - 14:00

Lieuwe Westra kaam yn de nacht fan snein op moandei mei grutte fertraging oan op syn trainingslokaasje yn Spanje. Mar it gefoel by de hurdfytser fan De Tynje wie goed nei syn kreaze fjirde plak yn de ôfslutende tiidrit yn de Ronde fan Romandië. Yn de foarlêste etappe hie Westra tiid ferspile. Oars hie er wer koart yn it klassemint einige. No waard er fyftjinde op trije minuten fan de Brit Christopher Froome. Yn Spanje sil Westra útrêste en traine foar de Ronde fan Kalifornië en it Critérium du Dauphiné. Dat yn oanrin nei de Ronde fan Frankryk.

Trefwurden: 
hurdfytsen Lieuwe Westra
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)