PvdA Harns tsjin weryndieling

PvdA
De PvdA yn de gemeente Harns wol net dat de gemeente meidocht oan de weryndieling. In fúzje mei de gemeenten yn Noardwest-Fryslân hat te min foardielen foar Harns. De fraksje seit lykwols dat harren miening feroarje kin as der op 19 juny in oertsjoegjend oar lûd fan de ynwenners komt. Op dy dei meie de ynwenners harren miening jaan oer de bestjoerlike takomst fan 'e gemeente.
Neffens de PvdA binne de neidielen fan in fúzjegemeente grutter as de foardielen. Der is dan mear ôfstân tusken amtner en boarger.