Ferlies follybalsters Snits

© aw.foto.nl
De follybalsters fan Snits ha snein it seizoen ôfsletten mei in 3-2 ferlies fan Peelpush. Yn it Limboarchske Meijel sette de thúsploech sterk útein. De earste twa sets waarden mei 27-25 en 25-21 wûn troch Peelpush.
Dêrnei fochten de Snitser froulju har knap werom yn de wedstriid troch de tredde en fjirde set mei 25-21 en 25-23 te pakken. Yn de beslissende fyfde set wie it Peelpush dat de winst mei 15-9 dochs noch oer de streek luts.
De follybalsters fan trainster Petra Groenland binne it seizoen einige op it fjirde plak. De lânstitel gong foar it twadde jier op rige nei Sliedrecht Sport.