Minder besikers Fryske musea
Fryske musea ha dit jier krekt wat minder besikers hân as yn 2010. Dit jier kamen der 875.000 minsken nei de ferskate musea, ferline jier wiene it hast 900.000. De grutste publykslûker wie de Dino-tentoanstelling yn it Natuermuseum Fryslân, yn Ljouwert. Mei troch dy tentoanstelling kaam in rekôr tal minsken nei dat museum. Mar ek it Skipfeartmuseum yn Snits luts mear besikers as it jier derfoar.
Oer it generaal komme minsken graach nei nije presintaasjes. Der kamen ek in soad skoalklassen nei de ferskate musea.