Mei de auto oer de kop

In Snitser bestjoerder (26) is sneontejûn syn rydbewiis kwytrekke by Nijlân. Hy wie earder op de jûn op de Ingenawei mei de auto oer de kop flein. Op wei nei dat ûngelok kaam de plysje twa manlju tsjin dy't yn de auto sitten hienen. Se wiene ûnder ynfloed fan alkohol. Ien fan har wie ferwûne en is nei it sikehûs brocht. De bestjoerder stie noch by de swier skansearre wein. Ek hy hie dronken. Hy hat in rydferbod en in proses-ferbaal krigen.