Mishanneling yn Ljouwert
De plysje hat sneontenacht yn de Grote Hoogstraat yn Ljouwert in 22-jierrige Ljouwerter oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan mishanneling. Neffens tsjûgen hie de fertochte sûnder oanlieding in 18-jierrige Ljouwerter slein. Dy rekke dêrtroch ferwûne oan it gesicht en moast nei in dokter. De fertochte is oanhâlden en sit noch fêst foar fierder ûndersyk.