Dieven pakt yn Ljouwert

Plysje-embleem © ANP
De plysje hat sneon in 18-jierrige ynwenner fan Oude Pekela en in 27-jierrige ynwenner fan Skalsum oanhâlden op fertinking fan stellerij. Tsjûgen seagen dat trije manlju in kollektebus meinamen út in winkel oan de Foarstreek yn Ljouwert. Dy besochten se letter iepen te brekken.
Tsjûgen bellen 1-1-2. De plysje skeakele Burgernet yn. Ien fan de dielnimmers seach de manlju op de Grienewei. Dêr koe de plysje twa oanhâlde. De tredde fertochte wie der net mear, mar syn identiteit is wol bekend.