ONS noch gjin kampioen

27 apr 2013 - 21:29

ONS Boso Snits moat it kampioenskip yn de haadklasse noch in wike útstelle. De Snitsers ferlearen mei 3-2 by Harkemase Boys. Op sportpark De Bosk naam de thúsploech binnen tweintich minuten in 2-0 foarsprong troch in doelpunt fan Harvey Bischop en in eigen goal fan Bieuwe Pruiksma. Noch foar it skoft wie de stân wer yn it lykwicht troch Sandor van der Heide en Ale de Boer. Fier yn de twadde helte soarge Jelmer Slager mei in prachtich skot foar de winst. Harkemase Boys kin yn de ûnderein wer wat rommer sykhelje, it ONS feest moat wachtsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)