Turfrace nije skûtsjewedstriid

27 apr 2013 - 14:46

Yn Drachten is sneon betiid in nije skûtsjewedstriid begûn, de Turfrace. Net in wedstriid op in mar, mar oer nauwe fearten. Alle skûtsjes dy't meidogge binne yn it ferline boud yn Drachten. De rûte bringt de 17 skippen fan Drachten oer ûnder oare Aldegea en De Rottefalle wer werom nei Drachten. De race is betocht troch Haiko van der Werff.

De skûtsjes meie allinnich spier- of wynkrêft brûke om by de finish te kommen. Underweis moatte noch opdrachten útfierd wurde om punten te fertsjinjen. As de race in sukses is, moat it in tradysje wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)