Pander werom by SC Hearrenfean

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Takom seizoen sil âld-Hearrenfeanspiler Ronnie Pander (36) by SC Hearrenfean oan 'e slach as trainer fan de B1. Dêrmei keart Pander werom nei de klup dêr't syn fuotbalkarriêre begûn. As 18-jierrige debutearre er yn it earste alvetal en spile fan 1994 oant 1999 44 wedstriden foar SC Hearrenfean.
Op dit stuit is Pander haadtrainer by VV Kollum. Under syn lieding promovearren de Kollumers ôfrûne seizoen nei de twadde klasse.
Technysk direkteur Johan Hansma is tige wiis mei it kontraktearjen fan Pander. “Ronnie is een prima trainer met hart voor de club. Hij heeft destijds zelf de voetbalacademie doorlopen bij Heerenveen en weet dus precies waar hij het over heeft.”