Skûtsjes op IJ by ynhuldiging
Skûtsjeskipper Albert Visser is tiisdei by de ynhuldiging fan kening Willem-Alexander yn Amsterdam. Hy is mei syn Drachtster skûtsje útnoege foar de keninklike fartocht op it IJ. It idee dêrfoar kaam fan de provinsje.
Mei-inoar lizze der seis skûtsjes op it IJ as de nije kening dêr mei in fartocht by del komt. Trije dêrfan komme út de SKS-float en trije út de IFKS-float. Fia lotsjen binne se útkeazen.