Earste ferlies fuotbalfroulju

SC Hearrenfean © ANP
Nei sân oerwinnings op rige moasten de fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean freed harren earste ferliespartij sûnt 22 febrewaris byskriuwe. Yn Utrecht waard mei 3-2 ferlern fan FC Utrecht. De Feanfroulju hienen in perfekte start en stienen troch treffers fan Yvonne Ploeg en Vivianne Miedema foar rêst op in komfortabele 2-0 foarsprong.
Nei rêst wienen de rollen lykwols omdraaid en hie Utrecht it foar it sizzen. Neidat de thúsploech op likense hichte kaam wie, foel yn blessueretiid de winnende Utrechtse treffer.
In soer ferlies foar de froulju fan Jessica Torny dy't de ôfrûne wiken ûnoerwinlik wienen. Troch it ferlies sakket Hearrenfean mei 21 punten út 10 wedstriden nei it 3e plak yn de BeNe Leaugue B. Telstar giet noch altyd oan de lieding mei 24 punten, folge troch PEC Zwolle mei 2 punten minder.