Frijwillich yn de sel opslute

27 apr 2013 - 12:51

Tachtich minsken litte har fan sneon 16.00 oere ôf frijwillich opslute yn ien fan de âlde sellen fan de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Se meie der 24 oeren net út, allinnich mar om even te luchtsjen, of nei it húske te gean. Se krije inkeld droege bôle en wetter. Iris Kroes docht mei, mar ek VVD-fraksjefoarsitter Serge Hollander. Doel fan de aksje 'Gecellig' is om omtinken te jaan oan húslik geweld en jild yn te sammeljen foar Fier Fryslân. Dat is de organisaasje dy't slachtoffers fan húslik geweld opfangt.

Trefwurden: 
Ljouwert sel Blokhúspoarte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)