Marit Bouwmeester wint Hyères

Marit Bouwmeester hat sneon mei oermacht de winst helle by it wrâldbekersilen yn it Frânske Hyères. De Laser Radial sylster út Warten wûn in medaljerace en waard in kear twadde. Har grutste konkurrinten Tuula Tenkanen út Finlân en de Britse Alison Young koene har lang net besile. Tenkanen waard twadde en sânde, Young tredde en tsiende. It wie foar Marit Bouwmeester har earste grutte wedstriidsearje nei it Olympyske sulver op de Spelen fan ferline jier.