Simmerwinkel Aldegea wer iepen

De simmerwinkel yn Aldegea (SWF) is freedtejûn foar it achtste jier wer iepene. De winkel is in inisjatyf fan it doarp en mooglik makke troch frijwilligers. Yn de saak wurdt allerhanne guod ferkocht foar toeristen en bewenners. De omset is jierliks sa'n 10.000 oant 15.000 euro.
In part fan de opbringst giet nei de boarterstún by it swimplak. Der wurde boarterstastellen fan kocht. Yn de simmermoannen is de winkel alle dagen iepen, yn de foar- en neisimmer allinnich yn de wykeinen.