Neprekkens yn Fryske soarch

27 apr 2013 - 12:30

De Fryske sikehûzen ha in soad lêst fan fraudeurs. Dy stjoere neprekkens of besykje meiwurkers oer de telefoan foar de gek te hâlden. De ûndernimmers yn Nederlân binne jierliks mear as 400 miljoen euro kwyt oan neprekkens en gemene akwisysje. It probleem is dat de kriminelen net goed oanpakt wurde kinne. Om dat te feroarjen, wolle de Twadde Keamerfraksjes fan de SP en de VVD in inisjatyfwet yntsjinje om dizze praktiken strafber te meitsjen sadat de fraudeurs foar de rjochter dage wurde kinne.

Sikehûs MCL yn Ljouwert is ien fan de dupearre ynstellings. De ôfrûne pear moannen kamen foar 20.000 euro oan rekkens binnen dy't net doogden.

Trefwurden: 
sikehûs neprekkens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)