Earste ljipaai wer nei kening

27 apr 2013 - 12:20

It Bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten daget de nije kening Willem-Alexander út om tenei it earste ljipaai wer yn ûntfangst te nimmen. Yn 1969 hat keninginne Juliana dizze tradysje ôfskaft, mar it bûn wol dizze tradysje wer oppakke. Se biede de nije kening dêrom in lotterskaal oan. Dit is sneon bekend makke op de sechsde neisoarchdei dy't yn Wommels hâlden waard.

Tema fan de dei wie wettermanagement, omdat prins Willem-Alexander dêr bot by belutsen is. Kommissaris fan de Keninginne Jorritsma soarget dat de skaal teplak komt.

Yn 1897 naam keninginne Emma it earste ljipaai fan Nederlân yn ûntfangst. It earste ljipaai dat kening Willem-Alexander lotteret, is it earste ljipaai fan Nederlân en dêrnei moat de Kommissaris fan de Kening it aai lotterje dat it earste fan Fryslân is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)