SWF moat flink besunigje

22 des 2011 - 12:59

De gemeente Súdwest-Fryslân moat de kommende jierren flink besunigje. As der neat bart, rint it tekoart by de gemeente op nei hast njoggen miljoen euro yn 2016. De kommende de tiid wurdt in pakket oan besparringsmaatregels bepraat. De gemeente hat yntern al besjoen wêr't op besparre wurde kin.

De kommende moannen wurde ek ynwenners en maatskiplike ynstellings belutsen by it sykjen nei mooglikheden om te besparjen. Ynwenners kinne meiprate fia it boargerpanel. De jongere-advysried wurdt frege om op skoallen projekten op te setten om te sjen oft dêr ek ideeën binne om te besunigjen.

Trefwurden: 
besunigings
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)