Kontrôle op ferkearsgedrach

27 apr 2013 - 11:53

De plysje hat freedtejûn in grutte ferkearskontrôle hâlden op de Dalwei yn Surhústerfean. De kontrôle wie benammen rjochte op de saneamde ferkearshufters, om't der de lêste tiid in soad klachten wiene oer asosjaal ferkearsgedrach yn it sintrum fan it doarp. De plysje woe mei de kontrôle foaral dúdlik it sinjaal oan jonge bestjoerders ôfjaan dat sok gedrach net akseptearre wurdt. Der binne 47 auto's kontrolearre, 22 dêrfan krigen in bekeuring. Dat wie ûnder oare foar it tefolle of ûnnoadich leven meitsje, te donkere ruten, net handsfree belje.

Opfallend wie in famke fan 13 dat sûnder helm op in brommer ried, sy krige twa bekeurings. In 21-jierrige ynwenner fan Surhústerfean waard betrape mei in flesse GHB yn de auto.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)