Flechtlingen by PvdA-kongres

Goed 70 flechtlingen demonstrearje sneon yn Ljouwert by it PvdA-kongres. De demonstranten lizze yn sliepsekken foar de yngong fan it WTC-gebou. Se fine dat de oerheid har op strjitte set hat, sûnder hûs en soarch. De demonstranten binne útprosedearre asylsikers út Den Haach en Amsterdam. PvdA-foarsitter Hans Spekman hat it boadskip fan de flechtlingen oanheard.
Op it kongres wurdt sneon ûnder oare praat oer it strafber stellen fan yllegaliteit. In soad PvdA-leden binne dêr tsjin, mar it stiet wol yn it regearakkoart.
De PvdA-top hat foarsteld om in wurkgroep yn te stellen. De wurkgroep moat ûndersykje oft it strafber stellen fan yllegaliteit net yn striid is mei ôfspraken om minskehannel te bestriden. Sander Terphuis fynt dat net genôch. Hy fynt dat der in prinsipiële útspraak komme moat oer de kwestje. Hy komt út Teheran en hat in petysje opsteld tsjin it oppakken en opsluten fan yllegalen.