Rechtshulp Noord fallyt

27 apr 2013 - 10:49

Rechtshulp Noord yn Ljouwert is freed fallyt ferklearre. It giet inkeld om it kantoar yn Ljouwert fan it eardere Bureau voor Rechtshulp. De problemen binne ûntstien troch de besunigings fan it ryk op de subsidiearre rjochtsbystân. Ek de stifting dêr't it personiel fan de advokaten yn sit, is fallyt. Der wurkje tsien advokaten.

Alle klanten binne ynformearre en der is tasein dat de dossiers goed ôfhannele wurde sille. In tal advokaten giet troch yn in gearwurkingsferbân; oaren geane allinnich fierder.

De ferwachting is dat minsken har eigen advokaat hâlde kinne. Neffens kurator Wouter Cnossen binne der gjin grutte skulden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)