LED-ljochtpeal mei kleurkes

22 des 2011 - 12:53

It Ljouwerter bedriuw The LED-factory wurket op it stuit oan in spesjale ljochtpeal. De peal dy't opfold is mei LED-lampkes kin hast alle kleuren fan de reinbôge sjen litte. It is boppedat mooglik sensoaren sa ôf te stellen dat se meibewege mei minsken of bygelyks de wynrjochting sjen litte.

It bedriuw is mei meardere gemeenten en bedriuwen yn petear oer it pleatsen fan de LED-peal. Sa hat Ljouwert ynteresse mar ek It Hearrenfean.

Trefwurden: 
LED
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)