De Vreeze stapt frijwillich op

It opstappen fan direkteur Wilko de Vreeze by Caparis is net oplein troch de ried fan kommissarissen. Dat seit de foarsitter fan de ried, Robert Veenstra. De Vreeze hâldt op 1 maaie op by Caparis fanwege mooglike meardere belangen. Sa soe er bygelyks mei syn eigen bedriuw minsken by Caparis oan it wurk holpen hawwe tsjin in fergoeding.
Fanwege beskuldigings oer dit soarte praktiken binnen en bûten de organisaasje stelde de ried fan kommissarissen in ûndersyk yn mei help fan Bureau Integriteit. Oer dat rapport is mei De Vreeze praat.
De Vreeze hat frijwillich ûntslach naam foardat 'hoor en wederhoor' tapast is oer it rapport seit Veenstra. Oer de ynhâld fan de petearen mei De Vreeze en de konklúzjes fan it rapport wol Veentra neat sizze.