Duo pakt foar stellerij

Ynbraak © Omrop Fryslân
Yn Ljouwert binne freedtemoarn twa minsken oanhâlden om't sy stellen guod yn in berging lizzen hienen. It giet om in man (24) út Ljouwert en in frou (18) út Enschede. In plysje wie yn de Breitnerstrjitte om in oanjefte op te nimmen fan in ynbraak yn in berging. Al gau waard dúdlik dat mooglik ek yn oare bergings ynbrutsen wie. Doe't de agint dêr seach, leine der ferskate kenttekenplaten dy't stellen wiene. Ek lei der in laptop, in laptoptas en ynbrekkersark. It duo wie yn de buert en naaide út doe't de plysje kaam. Se binne letter oppakt.