Dries Roelvink naait út

Sjonger Dries Roelvink hat freedtemiddei net optreden yn it radioprogramma Noardewyn-live by Omrop Fryslân. De Amsterdamske artyst seach dêr op it lêste momint fan ôf. Neffens presintator Willem de Vries kaam dat om't Roelvink in oanfal fan 'faalangst' krige.
Roelvink seach op dat stuit krekt oare artysten dwaande mei in soundcheck. Yn stee fan it bringen fan syn ferzje fan it keningsliet, makke Roelvink him sa gau as mooglik út de fuotten. Hy liet presintator Willem de Vries ferbjustere achter yn de studio.