Soad animo foar Koningsspelen

26 apr 2013 - 12:48

Hûnderten Fryske skoalbern ha freed meidien oan de 'Koningsspelen'. Nei in sûn moarnsbrochje op skoalle dûnsen se op in ferske fan Kinderen voor Kinderen. Dêrnei diene se tal fan spultsjes en sporten. De bern krigen allegear in spesjaal oranje t-shirt oan.

Prins Willem-Alexander wol dat der tenei elk jier keningsspelen hâlden wurde. Dat soe dan in pear dagen foar Keningsdei wêze moatte. Nei de ynhuldiging is Keningsdei tenei op 27 april.

Trefwurden: 
skoalbern Koningsspelen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)