Nuchter publyk op Frisfeest

26 apr 2013 - 10:31

Alle besikers fan it Frisfeest op 'e Jouwer tongersdeitejûn wienen nuchter. Verslavingszorg Noord Nederland, plysje en minsken fan de kampanje de Nuchtere Fries en Miks Welzijn lieten de goed 170 jongeren ûnder de 16 jier foarôf blaze. De organisaasjes joegen de besikers foarljochting en ynformaasje oer it brûken fan alkohol.

(advertinsje)