Frou byt oare frou yn kroech
In frou (24) út Ljouwerter hat tongersdeitenacht in 18-jierrige plakgenoate biten en hurd oan it hier lutsen. Dat wie yn in kroech yn de Oude Doelesteeg en barde sûnder oanlieding. De plysje hat de fertochte oanhâlden en meinaam nei it buro. It slachtoffer is troch de dokter behannele.