Friese Land nei Zorgpartners
Thússoarchorganisaasje Het Friese Land komt mooglik by Zorgpartners Friesland. Dat is de koepel fan ûnder oare de sikehuzen yn Ljouwert en It Hearrenfean. Njonken dizze mooglike gearwurking sleat Zorgpartners Friesland koartlyn in oerienkomst mei Alliade, de koepel foar thússoarchorganisaasjes en ferpleechhuzen yn Noard en Midden-Nederlân. Minsken dy't út in sikehûs nei in ferpleechhûs geane om fierder te herstellen wurde sa better en flugger holpen.