Marit Bouwmeester no earste

26 apr 2013 - 01:41

Marit Bouwmeester hat tongersdei by it wrâldbekersilen yn it Frânske Hyères de lieding pakt yn de Laser Radial. De winner fan sulveren medalje op de Olympyske Spelen wûn de fiifde race en waard yn de fjirde twadde. Dat is boppe ferwachting foar de sylster út Warten. Yn de tuskenstân hat se seis punten foarsprong op de Britse Alison Young en de Finse Tuula Tenkanen. Pieter-Jan Postma ferspile de lieding troch in diskwalifikaasje by de start. De Finnsiler wie te betiid. Fierder waard er sechsde. Hy sakke nei it fjirde plak yn de tuskenstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)