Moasje tsjin wethâlder Boorsma

De fraksjes fan de VVD en Algemeen Belang Dongeradeel ha tongersdei in moasje fan ôfkeuring yntsjinne tsjin wethâlder Boorsma. Hoewol't ek oare partijen kritysk wiene krige de moasje gjin stipe. Neffens guon partijen wie it in ferkapte moasje fan wantrouwen.
Boorsma soe net goed omgien wêze mei in bou-oanfraach fan it Dockinga College, de rie te let ynformearje en net goed tafersjoch hâlde by wurkfoarsjenning Oostergoo. Sa fine VVD en Algemeen Belang Dongeradeel.