Wâldwei part nije wike ticht

25 apr 2013 - 20:05

De Wâldwei tusken de Werpsterhoeke en Hemriksein by Ljouwert is nije wike trije nachten lang foar in part ôfsletten foar it ferkear. Yn de nachtlike oeren tusken woansdei 1 maaie en sneon 4 maaie wurdt wurke oan it omsetten fan it ferkear nei de dêr nij boude dyk.

De Wâldwei, de dyk tusken Ljouwert en Drachten, wurdt op it stuit ferdûbele tusken Hemriksein en de Werpsterhoeke. Om ek it âlde stik dyk oanpakke te kinnen, moat it ferkear omlaat wurde nei de nije dyk. 

De ferbouwing fan de Wâldwei is ûnderdiel fan it grutte ynfrastruktuerprojekt de Heak om Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)