Flyers wint fan Amsterdam
De Friesland Flyers ha woansdei mei 7-4 wûn fan de Amsterdam Capitals. Dêrmei hâlde de Flyers it tredde plak. Fia Levitin en Nason kaam de Flyers op 2-0, Amsterdam die wat werom (2-1), mar dêrnei wie it oer. Trije kear Sides en noch twa goals fan Nason bepaalden de einstân op 7-4. Freed spylje de Flyers in belangrike wedstriid tsjin Geleen. Dy ploech hat dizze kompetysje om de Noardsee Kup noch gjin wedstriid ferlern.
Trefwurden:
Flyers