Skoalplannen min foar Fryslân

25 apr 2013 - 16:25

Allinnich basisskoallen mei mear as 100 learlingen is in minne saak foar Fryslân. Dat komt nei foaren yn de dokumintêre: '100 bern, kâns of katastrofe', dy't tongersdei op Omrop Fryslân útstjoerd wurdt. De ûnderwiisried advisearret skoallen mei minder as 100 bern te sluten, omdat dêr de kwaliteit yn de knipe komt. No leit de noarm noch op 23 learlingen. Foar de simmer beslút de steatssekretaris oer it foarstel.

Foar Fryslân betsjut it dat mear as de helte fan de 470 basisskoallen ticht gean. Neffens ûnderwiiskoepel Fier is dat desastreus.

Trefwurden: 
basisskoallen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)