Net folle húsdokters yn aksje

Húsdokter © ANP XTRA
Yn Fryslân dogge net folle húsdokters mei oan de aksje tsjin de kabinetsplannen om te besunigjen op de praktiken. Tusken 10 en 1 oere slute lanlik in tal dokters har doarren. Allinnich yn needgefallen kinne pasjinten dan by de dokter terjochte. Yn Fryslân giet it nei alle gedachten om op syn heechst in tsiental praktiken dat meidocht.
Der is gjin koördinaasje by dizze aksje, omdat de beropsferiening gjin oprop dwaan mei om mei te dwaan. Yn in soad Fryske praktiken wurdt trochwurke, ek al omdat it hiel drok is, foar de krystdagen.