Mei auto tsjin gevel oan

22 des 2011 - 10:41

By in ûngelok oan de Nieuweburen yn Ljouwert is in 27-jierrige autobestjoerder út Sint Anne woansdei tsjin de gevel fan in wenning oanriden. De man rekke dêrby ferwûne en moast nei it sikehûs. De automobilist hie earst in parkearde auto rekke en wie dêrnei tsjin de wenning oanriden. Oan de auto's en it hûs ûntstie in soad skea.

Neffens de plysje wie de man ûnder ynfloed fan drugs of medisinen en dêrom namen se syn rydbewiis en syn auto yn beslach.

Trefwurden: 
gevel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)