ATT Ljouwert fallyt

iPhone © ANP
Touchscreenfabrikant ATT yn Ljouwert is fallyt ferklearre. Santjin minsken komme dêrtroch op strjitte te stean. Der wie in rêdingsplan betocht om it fabryk oerein te hâlden, mar de bank woe dêr net oan meiwurkje. ATT lit in skuld fan oardel miljoen euro achter. Der wie wol belangstelling foar in oername, mar dan gie it foaral om bedriuwen dy't de technyk fan ATT keapje woene.
Der binne noch petearen mei twa Dútske bedriuwen oer in trochstart. De gemeente Ljouwert hie him mei 150.000 garant steld foar ATT, dat jild is de gemeente no kwyt.