Moardsaak Snits: 'IM is mis'

21 des 2011 - 22:15

De neibesteanden yn de saak fan de moard yn de Partuurstrjitte yn Snits slepe it Iepenbier Ministearje yn Ljouwert foar de rjochter, as it IM net gau oer de brêge komt mei it dossier.

Neffens advokaat Richard Korver ha de neibesteanden rjocht op sokke ynformaasje. Hy hat by it IM al in rjochtsaak oankundige. Hy fertsjintwurdiget ek de âlden yn de saak Robert M. en hat doe by de rjochter gelyk krigen.

In man fan 42 út Denekamp wurdt fertocht fan moard op syn eardere skoansuster yn Snits. Fan 'e wike wie de pro forma sitting by de rjochtbank, mar de neibesteanden fan it 27-jierrige slachtoffer wisten fan neat. Korver wol de Ljouwerter saak taheakje oan in swartboek dat hy earder al stjoerd hat oan it kolleezje fan prokureurs-generaal. Dy heechste ynstânsje binnen it IM hat ek tasein te reagearjen op alle klachten dy't Korver sammele hat.

Korver seit dat hy it IM yn Ljouwert in pear kear om in reaksje frege hat op it útbliuwen fan it dossier en ynformaasje oer de sitting. Hy krige te hearren dat de oanbelangjende ofsier fan justysje net te sprekken wie. Neffens Korver wie de mem fan it slachtoffer der 'hielendal kapot fan' dat se fan 'e wike út de media fernimme moast dat de rjochtbank oer de saak praat hie. Korver makket it nei eigen sizzen faak mei dat de neibesteanden of slachtoffers net op de hichte brocht wurde fan belangrike stappen yn in saak, wylst sy dêr wol rjocht op hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)