Fryslân rint 95 miljoen mis

Prinses Margrietkanaal, De Lemmer © ANP
De provinsje Fryslân rint mooglik in bedrach fan 95 miljoen euro mis om't de steaten net prate woenen oer it konvenant farwegen, dat deputearre Poepjes in dei earder sletten hie mei minister Schultz van Hagen.
Yn it konvenant is regele dat Fryslân 58 fan de 95 miljoen euro brûke kin foar it behear en ûnderhâld fan it Van Harinxmakanaal. De oerienkomst stiet no op losse skroeven. De steaten hiene woansdei in beslút nimme moatten. Dat wie in belangryk betingst fan it konvenant.
In mearderheid yn Provinsjale Steaten hat twivel oft dy 58 miljoen euro foar it Van Harinxmakanaal wol foldwaande is. Se wolle in bettere berekkening fan de provinsje. Pas dêrnei kinne de steaten in beslút nimme.