Epke spilet gitaar foar TV

21 des 2011 - 21:05

Yn in grôtfolle Bonifatiustsjerke yn Ljouwert hat turner Epke Zonderland woansdeitejûn ris hiel wat oars dien foar publyk as oars: gitaarspylje.

Yn de tsjerke waarden opnamen makke foar it krystnachtkonsert fan de omrop RKK. Dat konsert waard jûn troch De Kast. Epke wie troch Syb útnoege om mei te dwaan.

Turner Epke Zonderland hat it gitaarspyljen in pear jier lyn oppakt. Doe woe hy graach in gitaar hawwe en frege Syb van der Ploeg fan de Kast om ried. Dy liende doe ien fan syn gitaren oan Epke út. No't De Kast optrede soe foar de RKK, kaam it Syb wer yn't sin dat syn gitaar noch by Epke wie. Sadwaande lei hy kontakt en frege Epke om op te treden as special guest.

It optreden is sneontejûn te sjen op Nederlân 2, om 22.50 oere. De krystnachtmis wurdt dan ek útstjoerd út de Bonifatiustsjerke yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)