Búkgryp hinderet krystmiel
It tradisjonele krystmiel yn fersoargingstehûs Doniahiem yn Sint Nyk giet tongersdei net troch. Sawol bewenners as personielsleden binne troffen troch in útbraak fan búkgryp. Sechtjin bewenners en seis meiwurkers ha dêr behoarlik lêst fan. It krystkonsert fan tiisdei moast ek al yn ôfslanke foarm plakfine.
Neffens direkteur-bestjoerder Veenstra fan Doniahiem bart it hast nea dat safolle bewenners en personielsleden tagelyk troffen wurde troch de búkgryp.